Ik doch alles sels

Lise en Arjen ha beide in folsleine baan, dat it húshâldlik wurk moat yn it wykein ferset wurde. Arjen wynt him der leafst foarwei en dat noasket Lise min. As de waskmachine stikken rekket, moat der in monteur komme en gau! Arjen sil sels wol efkes, hy is op't lêst ek monteur -dat is te sizzen: automonteur- As Lise om in boadskip is, skillet Arjen foar de wissichheid dochs mar om in echte waskmachinemonteur. As dan sawat tagelyk de nije freon fan Lise har mem komt te kofjedrinken, wurde beide manlju by fersin meiinoar ferwiksele en lizze de brike sitewaasjes foar't opskeppen. ## Dit stik is net mear leverber. Jo kin fan dit stik gjin boekjes mear keapje. Wol ha we noch in pear sichtboekjes, se kinne dus noch wol lêzen wurde. As jo dit stik spylje wolle, matte jo sels de boekjes kopiearje.

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): SPIJKER, J.
Titel: Ik doch alles sels
Skreaun yn: ?
Utjoen yn: 1998
Te keap: nee
Oersetter: Kielstra, F.
Oarspr. Titel: Startproblemen: Ik maak alles zelf
Ynfierdatum: 1998-08-23
Dekor: húskeamer yn in flat & ien dekor
Omfang: Ienakter
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 2
Tal manlju: 3