Ik sei: “kofje”

Grytsje wennet mei har mem en har omke, dy't geastlik net hielendal ynoarder is. Dat is sa kaam troch in autoûngelok dêr't har heit by omkaam is en dêrom ek binne mem en dochter wiis mei omke. Nei in feestje nimt Grytsje har thúsbringer mei nei har keamer om noch even nei te praten; sy wol in bakje kofje sette, mar 'freon' Kees hat wat oars yn 't sin. As hy har tenei komme wol ropt Grytsje omke om har te helpen. Kees slacht omke bûten westen en hy set har ûnder druk: se mei neat fertelle, oars sille der rare dingen barre. Mem tinkt no dat omke gefaarlik is foar har dochter en regelt dat er opnaam wurde sil yn in tehûs. Ek dan doart Grytsje noch net te fertellen hoe't it sit en dêrom makket omke him fan kant, en dan sjit sy har thúsbringer dea.

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): NAUTA, Dooitze
Titel: Ik sei: "kofje"
Skreaun yn: 1996
Utjoen yn: 1996
Te keap: 1
Oersetter:
Oarspr. Titel:
Ynfierdatum: 1998-04-07
Dekor: 1
Omfang: Ienakter
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 2
Tal manlju: 2