IN barre tocht
It is winter, de alvestêdentocht stiet der oan te kommen. Fansels in hiel spektakel foar jong en âld, mar it komt de susters Leida en Jenny wol hiel goed út. Se ha nammentlik in pakje yn harren besit dat nei Dokkum ta moat. Dit moat sa ûnopfallend mooglik dien wurde en wêr kin dat better as by in drokke stimpelpost yn Dokkum? De persoan dy't it pakje bringe moat is Flip, de nije buorjonge fan Leida en Jenny. Flip hat in eachje op Jenny en lit him troch har oerhelje om it pakje fuort te bringen. Hy moat ek wer wat mei werom nimme foar Leida en Jenny. Fol spanning wachtsje de beide susters nei ôfrin fan de alvestêdentocht de thúskomst fan Flip ôf. It wurdt letter en letter. Uteinlik kloppet der ien op' e doar. Mar it is net Flip dy't foar de doar stiet...Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | POPMA, Froukje |
Titel: | IN barre tocht |
Skreaun yn: | |
Utjoen yn: | 2010 |
Te keap: | 1 |
Oersetter: | |
Oarspr. Titel: | |
Ynfierdatum: | 2010-12-25 |
Dekor: | |
Omfang: | Ienakter |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 2 |
Tal manlju: | 2 |