In gearrin fan omstannichheden
Nei in fertocht telefoantsje, opmurken troch de húsfeint, mar seker nei in sms-ke, wêryn’t Guus Heerschop in geheime ôfspraak makket mei in ûnbekende frou, liket it derop dat Heerschop in bûtenechtlike ferhâlding hat. En dat krekt op it momint dat de tariedings foar it 25-jierrich houliksfeest fan Guus en Annemie yn folle gong binne. Tegearre mei de húsfeint Stefan, har suster Carla en Tom, de man fan Carla en de buorlju, betinkt Annemie in trúk om Guus jaloersk te meitsjen en him sa hooplik wer werom te krijen. It pakt allinnich allegearre krekt wat oars út. It ferhaal spilet yn de simmer en it is behoarlik waarm.Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | KLOP, Remco |
Titel: | In gearrin fan omstannichheden |
Skreaun yn: | |
Utjoen yn: | 2011 |
Te keap: | 1 |
Oersetter: | Snoek, Richtsje |
Oarspr. Titel: | |
Ynfierdatum: | 2011-06-30 |
Dekor: | ien |
Omfang: | Jûnfoljend |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 4 |
Tal manlju: | 5 |