
In kring fan in ring
Frederik en Isabel ha, op it lêste perron fan it stasjon, perron 12, rûzje oer de brulloft. Lilk, omdat se har sin net krijt, smyt se de djoere ferlovingsring oer de reling, dy komt telâne op in leger lizzend part fan it stasjon, yn de folksmûle perron 13. De ring wurdt daliks al fûn troch in swalker. As Frederik op perron 13 oankomt om de ring te sykjen, is dy al poater. Wylst er om de ring siket leart hy de minsken, swalkers en bidlers, dy’t op it terrein tahâlde, better kennen. De âlde Arie, de bline Ronny, swalkers, en Rita en Vanessa, twa ûnbetroubere bidlers, dy wenje allegear ûnder de brêge fan perron 12. Fierder is der noch de heechswangere Suzy. De grutte fraach is: wa hat de ring fûn en foaral: wa hat de ring no? En komt it noch goed tusken Isabel en Frederik?Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | ANRYS, Pol |
Titel: | In kring fan in ring |
Skreaun yn: | |
Utjoen yn: | 2023 |
Te keap: | ja |
Oersetter: | Dijkstra, Gurbe |
Oarspr. Titel: | Per(r)ongeluk |
Ynfierdatum: | 2023-07-27 |
Dekor: | stasjon |
Omfang: | jûnfoljend 76 siden |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 4 |
Tal manlju: | 3 |

