In kwestje fan oanpassen
Nei de lêste oarloch dêr't Amearika by behelle wie, is Ralph Bates opnommen yn it bedriuw fan syn oansteande skoanheit, dy't him tasein hat dat as er mei syn dochter trout, hy dan syn opfolger wurde kin. Hy is no 6 jier troud en sit noch altyd yn in ferfeelsum roetine-baantsje te wachtsjen op 'e dea fan syn skoanheit. Dy is geef, dat Ralph nimt syn ûntslach. De spanningen hjir omhinne ha de sfear fan it houlik slim oantaast en dit ûntslach is foar syn frou oanlieding om mei harren jonkje by him wei te gean. De deis foar Krysttiid, as er krekt allinne sit, komt der in âlde tsjinstkammeraat by him op besite. Dy hat syn frou, dêr't er twa dagen lyn mei troud is, meinommen. De ynset fan dat houlik is ek al net sa bjuster, sadwaande ha se de earste nacht ek al net byelkoar sliept. It komt der op del dat de beide oarlochsfeteranen harren frou wol slite wolle. Se beslute om yn Texas tegearre in fokbedriuw te begjinnen. De froulju litte it der lykwols net by sitte. Ralph sines komt werom om him te bewizen dat se fan him hâldt. Dy fan syn freon toant no alle begryp foar de psychologyske wjerstannen dy't har oare helte hat. Yn beide houliken is it in kwestje fan oanpassen en dat proses liket no op in ein te rinnen; foar beide pearen is der no hope op in takomst.Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | WILLIAMS, Tennessee |
Titel: | In kwestje fan oanpassen |
Skreaun yn: | 1958 |
Utjoen yn: | 1983 |
Te keap: | 1 |
Oersetter: | Jansma-de Vries, Wiesje |
Oarspr. Titel: | Period of adjustment |
Ynfierdatum: | 1999-01-20 |
Dekor: | |
Omfang: | Jûnfoljend |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 4 |
Tal manlju: | 4 |