In lang snein-oer

In direkteur fan in grut bedriuw hat wat gedoente mei syn siktaresse. It is der noch net fan kommen, mar yn in lang snein-oer fan tongersdei oant moandei sil it heve. Tegearre sille hja der stikem útpike nei in hotel oan it strân yn Nice. De himmelster sil krekt noch efkes de boel neisjen as hja fuort wolle. Dan docht bliken, dat troch in fersin alles ôfsluten is, ek de telefoan. It foarlân is, dat hja fjouwer dagen op 'e tredde ferdjipping alhiel op harren sels oanwiisd binne mei amper iten en drinken en gjin minske benaderje kinne. It iten, dat der noch al is, is fan de himmelster, dy't dat foar harsels ornearre hie. Sadwaande hat sy no it heft yn hannen. Linkendewei komt de direkteur nei foaren as immen, dy't it earst en meast oan himsels tinkt. De siktaresse geane stadichoan de eagen iepen. Hja heakket ôf. De himmelster, dy't mear yn 'e gaten hie as dat hja skine liet, hat de direkteur in takke tebek set. Hy seit har ta, dat it persoaniel, dat ferantwurdlik wie foar harren fêstsitten, gjin lijen krije sil. De moandei-te-moarns giet elk temûk syn wegen. It giet gjin minske wat oan wat der bard is.

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): POOLS, Lode
Titel: In lang snein-oer
Skreaun yn: ?
Utjoen yn: 1986
Te keap: 0
Oersetter: Visser-Popma, J.
Oarspr. Titel: Verlengd weekend
Ynfierdatum: 1999-01-15
Dekor: 1
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 2
Tal manlju: 1