In lichte lunch
Suzan en Jenny, twa susters, sille tegearre wat ite yn in restaurant. Yn it earstoan is it petear och sa oerflakkich, de kar fan de ûnderskate soarten iten en drinken liket it wichtichste te wêzen. Stadichoan kriget it praat mear djipgong. De susters tinke wakker ûngelyk oer de sitewaasje thús, doe't harren heit noch libbe. De iene hat him altyd idéalisearre, de oare sjocht him mear as in smjunt, dy't sûpte en mei oare froulju omsloech. Dit praten oer thús bringt tusken de beide spanningen, mar se skaaie út nei harren heit, want as se opstappe binne se aardich oansketten en is harren grutste soarch, dat foar de bûtenwrâld ferburgen te hâlden... ## Dit stik is net mear leverber. Jo kin fan dit stik gjin boekjes mear keapje. Wol ha we noch in pear sichtboekjes, se kinne dus noch wol lêzen wurde. As jo dit stik spylje wolle, matte jo sels de boekjes kopiearje.Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | STRAATEN, Peter van |
Titel: | In lichte lunch |
Skreaun yn: | 198? |
Utjoen yn: | 1990 |
Te keap: | nee |
Oersetter: | Dijkstra, Gurbe |
Oarspr. Titel: | Een lichte lunch |
Ynfierdatum: | 1998-05-23 |
Dekor: | 1 |
Omfang: | Ienakter |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 2 |
Tal manlju: | 1 |