In mercedes mei trekhaak
Hâns en Anneke ha in jûnpraterij op tou set mei âld-freonen fan Hâns, te witten, Wolter (opkeaper) mei de frou en Jurjen, kantoarman en noch frijfeint. Wolter hat net trochleard mar is in betûft sakeman en rydt yn in grutte mercedes. Hy is net fij fan in skeane bak en is oars ek net sa fynbeslipe. Jurjen sit noch altyd by mem ûnder 'e plak, sy wol him net kwyt. Op in stuit docht Hâns it útstel nochris as fan âlds sûnder de froulju te kampearjen. Dit slacht oan. Yn Wolter syn mercedes sette se in wykmannich letter ôf nei de Snitsermar, dêr 't se nei in soad tûkelteammen te stoel en te bank komme. As se eefkes sitte te bekommen, strike der in pear ferpleechsters by harren del dy 't it paad bjuster binne. De maten besykje dy froulju wat op 'e lije side te kommen, mar dizzen ha op 'e tiid yn 't snotsje dat se mei fjoer boartsje en spylje fan ruten. As de manlju harren deljûn ha, begjint op ûnferklearbere wize de auto te riden en rekket de tinte. Sy reitsje mei allerhande mankeminten nei 't sikenhûs dêr 't deselde ferpleechsters harren fersoargje moatte. Brike sitewaasjes, mar Jurjen hâldt der in frou oan oer.......Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | STIENSTRA, Bonne |
Titel: | In mercedes mei trekhaak |
Skreaun yn: | ? |
Utjoen yn: | 1989 |
Te keap: | 1 |
Oersetter: | |
Oarspr. Titel: | 198? |
Ynfierdatum: | 1998-06-17 |
Dekor: | 3 |
Omfang: | Jûnfoljend |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 5 |
Tal manlju: | 3 |