In nuver gefal

Afke Bottema, in famke fan 17 jier, hat gauris in oar feintsje. It liket earst allegear wakker, mar dan ruilet se him ek sa mar foar in oarenien yn. Op't stuit hat se ien oan'e hân dêr't se alhiel oerémis fan is, want Menno is hiel wat oars as oars, sa't liket. Dat wurdt se gewaar as bliken docht, dat er minsken ûnder hypnoaze bringe kin. It stik spilet yn de krûdesaak fan de Bottema's en sadwaande krije wy ek te meitsjen mei in pear "pasjinten" dy't de krûden net goed bekommen binne. Guon krije reade plakken om'e holle en in frou hat der samar in snor fan krigen om fan de sturt, dy har man fan'e salve krigen hat, mar net te praten. De saak fan'e Bottema's rint oars goed, de frou docht de winkel en de boekhâlding en de man mei syn broer brouwe de krûden. Sy wolle de saak noch útwreidzje troch gear te wurken mei Hinke, in frou dy't oan'e eagen fan'e minsken sjen kin wat harren mankearret en dan kin Bottema foar de kwalen syn krûden leverje. Sa fertoane Menno en Hinke harren keunsten en leverje tsjininoar ek noch in kampslach dat it sta seit.... Dizze klucht, oer alle boegen, is en hjit "In nuver spul".

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): VRIES, Jan de
Titel: In nuver gefal
Skreaun yn: ?
Utjoen yn: 1990
Te keap: 1
Oersetter:
Oarspr. Titel:
Ynfierdatum: 1998-05-29
Dekor: 1
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 4
Tal manlju: 4