In omstipper

Yn de famylje de Vries nimt Sjoerd, de haadfiguer in wat apart plak yn. De oaren sizze dat er in omstipper is, ien dy't net wit wat er wol. Hy hat de skoalle net ôfmakke, hy siket gjin wurk, hy bringt in soad tiid troch yn't fjild. Yn'e húshâlding is men soks net wend en hy wurdt troch de oaren omraak op'e hûd sitten. It leafst sûndert Sjoerd him ôf en dat docht er sa faak as er it rêde kin. Dan kin er him oerjaan oan syn eigen fantasywrâld. Dêr hat er in wûnderlike moeting mei in apart figuer en dat hat ta gefolch dat er feroaring bringt yn syn situaasje.

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): KLOMPMAKER, Roel
Titel: In omstipper
Skreaun yn: 1993
Utjoen yn: 1994
Te keap: 1
Oersetter:
Oarspr. Titel:
Ynfierdatum: 1998-05-11
Dekor: 1
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 6
Tal manlju: 7