In saak fan gewicht
'Dúnsate' is in slankheidsynstitút mei as haad Edzard Stienstra, alias Masjupo Basjwata. Edzard wurdt bystien troch Monika, de skientmespesjaliste en Erik, de masseur en sportynstrukteur. Lotte, dy't in relaasje hat mei Edzard, fungearret as gastfrou. De filosofy fan 'Dúnsate' is basearre op in al lang ferstoarne berchmûnts út Nepal en dêrta wurdt it natuermiddel Liposan brûkt. Mar yn werklikheid sitte Edzard en Monika yn 'e kokaïnehannel, de koke wurdt ferhannele as flessen Liposan Eksport. Oan 't begjin fan 'e nije wike slankheidsterapy komme wy yn 'e kunde mei de meidoggers oan dy kursus. De measten komme wol om ôf te fallen, mar dochs barre der frjemde dingen. Sa is ien fan de gasten in altyd itende kommissaris fan 'e plysje, mefrou Vredenhof, dy't op oanstean fan har sjef oan 'e kursus meidocht. Sawol de gasten as de lieding gedrage harren nuver, elkenien liket inoar yn 'e gaten te hâlden en dan ynienen falt de earste deade: Edzard. De pleatslike plysje hâldt it op in hertoanfal mar Vredenhof tinkt harres! As Erik it dan ek noch ôfleit siket sy nei de wierheid: wat stiet der yn de doaze fan mefrou Grau? Hoefolle hat mefrou Falk foar de kursus betelle? Wêrom is mynhear Segers der eins? Wa fermoarde Erik? En ta beslút: Is Edzard eins wol stoarn oan in hertoanfal?Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | DAVIDS, Ton |
Titel: | In saak fan gewicht |
Skreaun yn: | ? |
Utjoen yn: | 1996 |
Te keap: | 1 |
Oersetter: | Wijk, Gerda van der |
Oarspr. Titel: | Een zaak van gewicht |
Ynfierdatum: | 1998-04-15 |
Dekor: | 1 |
Omfang: | Jûnfoljend |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 6 |
Tal manlju: | 3 |