In sigentsje yn ‘e maitiid
Fiif minsken, werûnder in barones, jonkfrou en in kolonel wenje yn in flatgebou. Hja binne kostgongers fan de jonkfrou en kinne allegear wol wat jild brûke. De jonkfrou hat in tsjinstfaam yn it wurk dy 't alris fanwege stellerij yn de fizenis sitten hat. De buorlju fan de jonkfrou jouwe in feest, dêr komme nochal wat pommeranten. De tsjinstfaam ferfalt wer yn har âlde kwaal en stelt by de buorlju in djoere bûntmantel. Hja docht dit foar de jonkfrou, dy kin de jas ferkeapje en hat dan wer wat jild om hannen. Sa kin it fansels net en ûnder lieding fan de kolonel wurdt de jas manmachtich wer nei de bourlju werom smokkele. It stik keart no. It is sa goed slagge om de jas werom te bringen, sûnder dat de buorlju it fernommen ha, dat wêrom soenen hja dizze taktyk dan net brûke om bûntmantels út winkels en restaurants te stellen en troch dy te ferkeapjen oan jild te kommen? De tsjinstfaam mei it net witte. As de plysje ek noch op it aljemint komt, is it allegear panyk.Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | COKE, Peter |
Titel: | In sigentsje yn 'e maitiid |
Skreaun yn: | 1959 |
Utjoen yn: | 2004 |
Te keap: | ja |
Oersetter: | Hof, A.G. |
Oarspr. Titel: | Breath of spring |
Ynfierdatum: | 2004-12-31 |
Dekor: | ien dekor |
Omfang: | Jûnfoljend |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 5 |
Tal manlju: | 3 |