In suterich eintsje libben

Sybren Keizer (40) hat trije jier sitten omdat der in famke fan 12 jier dat byles fan him krige fan him yn ferwachting rekke wêze soe. Hy is lykwols ûnskuldich, mar ûnderfynt as er frijkomt hoe fijannich de wrâld foar him oer stiet. As syn frou by him op 'e hierkeamer komt, lit dy útkomme dat hja net oan syn ûnskuld leaut; nei de skieding wol hja trouwe mei in oare man. De amtneres fan de reklassearring, dy't him begeliede moat, smyt him syn skuld oanienwei foar de fuotten. Dan komt it fanke, dat abortearre is, by him mei in blomke en ûntskuldigingen en seit dat har heit de skuldige wie, mar dat dy har deaslein hie as hja dat foar de rjochter ferteld hie. Ek dy belangrike ferklearring foar him oer, kin gjin wêzentlike feroaring bringe yn syn situaasje. Alles bliuwt tsjin him en net ien leaut him. Alles is er kwyt: syn frou, syn baan as learaar en boppeal it betrouwen fan de minsken. As de lju, dêr't er de keamer fan hierd hat, de reden fan syn feroardieling hearre, wize hja him op slach de doar. Hja hawwe ek in dochter fan dy leeftiid. Hy freget harren noch eefkes it húske brûke te meien en ferhinget him dêr. Ut it praat fan de keamerferhierders en de juffer fan de reklassearring docht bliken dat hy as it oan harren leit de skuld oant yn de dea ta meinimt.

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): FEENSTRA, Job
Titel: In suterich eintsje libben
Skreaun yn: ?
Utjoen yn: 1986
Te keap: 1
Oersetter:
Oarspr. Titel:
Ynfierdatum: 1998-06-11
Dekor:
Omfang: Ienakter
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 3
Tal manlju: 2