In swarte nacht
In húshâlding fan man en frou, in dochter fan 23 en in soan fan 21 jier. De âldelju binne gauris oan 'e jui: feestjes dy't oant djip yn 'e nacht ta duorje mei net te min drank en wat der by heart en dêrnei bringt de iene de oare syn frou thús. De dochter mei dêr wol oer, want oan dy frijheden ûntlient se it rjocht om te dwaan wat har goed tinkt. Om 't hoartsje komt se mei wer in oare feint thús en diskear is 't ien dy't út it selde hout snijd is. De soan is oars. Hy hat ferkearing mei in deeglik fanke fan noch mar 17 jier. Hy sjocht it libben fan syn âlden en syn suster as in ferdjer en makket dêr foar himsels sa'n libbensgrut probleem fan dat er him oan 'e ein fan it stik tekoart docht. Dat bart yn 'e nacht as heit en mem wer ris oansketten thúskomme.Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | VRIES, Jan de |
Titel: | In swarte nacht |
Skreaun yn: | ? |
Utjoen yn: | 1983 |
Te keap: | 1 |
Oersetter: | |
Oarspr. Titel: | |
Ynfierdatum: | 1998-06-15 |
Dekor: | |
Omfang: | Ienakter |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 3 |
Tal manlju: | 4 |