In wetterticht idee
Om gau ryk te wurden hawwe Tessie en Roel in soarte fan sûnensintrum opset. It wetter dat se de minsken drinke litte moat hiel sûn wêze, it komt út de Snöde-Fleut, ergens boppe-yn Sweden. Gasten meie sa’n wike oars net ite as griente, fruit en oar guod dêr’t je beslist net fan oankomme. Guon gasten binne fansels gau op dat ‘kninefretten’ útsjoen. Dizze wike is eins de lêste kear dat se gasten ha, dêrnei wolle se fan de ‘fertsjinne’ sinten genietsje. Mar der binne noch wol wat tsjinslaggen. Hat ien fan de gasten fan dizze wike soms wat yn de gaten? En bestiet de Snöde-Fleut wol echt?Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | GROOT, Lieke de |
Titel: | In wetterticht idee |
Skreaun yn: | |
Utjoen yn: | 2011 |
Te keap: | 1 |
Oersetter: | Dijkstra, Gurbe |
Oarspr. Titel: | Een waterdicht idee |
Ynfierdatum: | 2011-10-10 |
Dekor: | ien |
Omfang: | Jûnfoljend |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 5 |
Tal manlju: | 4 |