In wike op Skylge

Roza Sickinga -in rike dame- is mei har ferpleechster -Yfke- in wike yn in hotel op Skylge. Har fertrouwensman Dicky -in waad-rocker- komt út en troch fan'e fêste wâl oer. Oare gasten binne Jelmer Wieringa, Annet syn 2e frou en Hanny in dochter út syn earste houlik. As miggen op'e sjerp komme lytse en grutte profiteurs ôf op'e rykdommen fan Roza. Sa is dêr Rudmer, de dûnsmaster: op it earste gesicht liket er hiel ynnimmend, mar dat blykt letter oars út te pakken. It is ek in pynlike konfrontaasje foar frou Holwerda, de eksploitante fan it hotel, sy hat ferloofd west mei Jelmer mar dy hat har stikke litten foar Annet. Jelmer hat jildpine en Rudmer en hy wedzje om de echtheid fan it parelsnoer fan Annet. As Rudmer al te gemien wurdt komme Dicky en Yfke yn aksje.

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): PIETERS, Karst
Titel: In wike op Skylge
Skreaun yn: 1998
Utjoen yn: 1998
Te keap: 1
Oersetter:
Oarspr. Titel:
Ynfierdatum: 1999-04-14
Dekor: ien dekor
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 6
Tal manlju: 4