In wrâld sûnder manlju

Carla is sjoernaliste en wurdt troch de krante nei de gelearde Madame Pavel stjoerd, om't dy wichtich nijs foar de wrâld hat. Carla is wurch, se hat de hiele nacht yn't spier west en kin de eagen kwalik iepen hâlde. Madame kundiget oan, dat se mei ien druk op in knop alle manlju op'e wrâld ferneatigje sil. Sûnder manlju sil de wrâld der frijwat better útsjen, neffens har. In tal froulju dy't it mei har iens binne, sille dit bjusterbaarlik barren meibelibje. Nei de druk op'e knop docht bliken, dat der troch in ûnbekende faktor X noch ien manspersoan oerbleaun is. De froulju wurde ûnrêstich en de iene nei de oare spilet fan ruten om dat seldsume eksimplaar te sykjen. Se kinne der sa't liket dochs net sûnder....

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): JOHNSON, Philip
Titel: In wrâld sûnder manlju
Skreaun yn: ?
Utjoen yn: 1990
Te keap: 1
Oersetter: Hoekstra, Gerrit
Oarspr. Titel: Wereld zonder mannen
Ynfierdatum: 1998-05-23
Dekor: 1
Omfang: Ienakter
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 7
Tal manlju: 0