In ynspekteur skillet oan

Wylst de wolstelde famylje Birling it ferlovingsfeest fiert fan harren dochter, tsjinnet him in plysjeynspekteur oan, dy't driuwend belet freget. Ynspekteur Goole fertelt harren, dat in jongfaam harsels tekoart dien hat en dat hy fan harren graach wat ynformaasje ha wol. Mei fyn ynleine fragen slagget it de plysjeman elk fan de fiif oanwêzige famyljeleden in feit bekenne te litten, dat in lyts part betsjutte kin fan de oanlieding ta dy selsmoard. Mei de kniper op'e skine fiele alle fiif harren lytsman, hoewol elk de folsleine skuld ôfwiist. As de ynspekteur de doar út is, komt ien fan harren mei de fraach oft it wol in echte plysjeman west hat. Nei ynformaasje docht bliken dat Goole op it plysjeburo net bekend is en dat er ek gjin fermoarde jonge frou by it sikehûs binnen brocht is... Birling, syn frou en de ferloofde fan harren dochter wolle no de saak mar ferjitte en op'e âlde foet fierder farre. De dochter en de soan kinne dat net en komme ta ynkear. Dan komt der in telefoantsje fan it plysjeburo mei it fersyk om in ûnderhâld mei de famylje yn ferbân mei in selsmoard fan in jonge frou...

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): PRIESTLEY, J.B.
Titel: In ynspekteur skillet oan
Skreaun yn: ?
Utjoen yn: 1990
Te keap: 1
Oersetter: Dijkstra, K.
Oarspr. Titel: ?
Ynfierdatum: 1998-05-29
Dekor: 1
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 3
Tal manlju: 4