Is goed
De âlden fan Noortje wenje yn in moai en grut hûs mar se ha gjin neil om de kont te klauwen. De saak fan Noortje's heit Winand is faillyt.Winand rekket oan'e drank en Noortje har mem Puk siket mear in strukturele oplossing. Har dochter soe mei Jan-Willem trouwe kinne, syn âlders meitsje mei harren syljacht in wrâldreis en moatte dus wol jild ha. It houlik moat in sukses wurde. Erkan, de klus-Turk is ynhierd om de grutte hal op te knappen, hy sil ek trouwe, mar hy hat syn breid inkeld op in ûndúdlike foto sjoen. Ek Loet, de weddingplanner is ynhierd. Jan-Willem is op it moment suprême smoardronken en der moat dus in oplossing fûn wurde. Erkan nimt it plak yn fan Winand en oarsom. De gefolgen binne minder simpel. Acelya komt oan (de oansteande breid fan Erkan) en sy ferwachtet dat Winand de heit fan har bern wurdt. Fierder docht bliken dat de âlden fan Jan-Willem ek gjin jild ha, Jan-Willem twivelt oan syn 'natuer'en úteinlik giet it houlik fan Noortje en Jan-Willem ek net troch. Mar in oar houlik liket op kommende wei...Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | DAVIDS, Ton |
Titel: | Is goed |
Skreaun yn: | |
Utjoen yn: | 2007 |
Te keap: | 1 |
Oersetter: | Wijk, Gerda van der |
Oarspr. Titel: | Is goed |
Ynfierdatum: | 2007-10-12 |
Dekor: | ien |
Omfang: | Jûnfoljend |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 5 |
Tal manlju: | 5 |