It advertinsje

Jabik Damstra, in âldfeint fan efter yn 'e fyftich, hat in húshâldster en dy fertelt him op in dei dat hja in advertinsje sette litten hat foar in man. Hja wol net lykas in kunde fan har, dy't neaken en bleat op 'e dyk kommen is te stean, doe't de man by wa 't se tsjinne, wei kaam te reitsjen. Dit is foar Jabik in grut probleem: hoe fynt er ea wer in frommes dat sa goed yn 'e húshâlding is as Gepke? Moat er faaks ek mar om in frou sjen? Buorman Gjerryt, dy't mei in kring fan in frou troud is, riedt him dat tige ôf. As dominy by him komt, leit er dy it gefal foar en dy riedt him oan mar op dy advertinsje fan Gepke te skriuwen. Dat docht er: hy jout it brief mar streekrjocht oan Gepke en sadwaande binne foar beide de problemen yn ien kear oplost.

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): FEENSTRA, Job
Titel: It advertinsje
Skreaun yn: ?
Utjoen yn: 1984
Te keap: 1
Oersetter:
Oarspr. Titel:
Ynfierdatum: 1999-01-20
Dekor:
Omfang: Ienakter
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 2
Tal manlju: 3