It betsjoende slot

Twa fikse jonges, Wander en Jilles, binne de bosk yntein op syk nei de keningsdochter, dy't nearne te finen is. Der stiet in grouwe beleanning foar: de prinsesse sels. Se belânje by it slot fan in rôfridder en it doel fan harren komst liket harren soer op te brekken: Jilles bedarret yn in hoale ûnder de grûn en Wander giet ek al in raar gat yn. Aldergeloks hat de rôfridder in aardige dochter: Aurelia. En mei dy har help giet alles op in blier ein ta, mei...fjouwer lokkige jonge minsken.

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): KOOPMANS, Sjouk en Dam Jaarsma
Titel: It betsjoende slot
Skreaun yn: 197?
Utjoen yn: 1977
Te keap: 1
Oersetter:
Oarspr. Titel:
Ynfierdatum: 1999-04-16
Dekor:
Omfang: Ienakter
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 3
Tal manlju: 4