It doarpshûs ticht? Oer myn lyk!
Akke Kaastra is behearder fan doarpshûs ‘ Yn’ e mande’ . It doarpshûs giet har foar alles. Mar der binne problemen, want der is efterstallich ûnderhâld en de sinten binne op. It bestjoer, ûnder lieding fan de warbere foarsitter Kees Leegwater docht syn bêst mar kriget it jild net by inoar. As in amtner fan de gemeente driget om de doar op slot te dwaan komt Akke yn aksje. Har ûngewoane oanpak liket lykwols mear kwea as goed te dwaan. Durk, de man fan Akke hat syn eigen reden om it doarpshûs te rêden. Mei syn maat Douwe hâldt er him dwaande mei tsjustere saakjes, mar dat giet net tegearre mei de aksje fan Akke. Akke moat har libben op it spul sette om te rêden wat der te rêden is.Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | SLOOTS, Henk |
Titel: | It doarpshûs ticht? Oer myn lyk! |
Skreaun yn: | 2009 |
Utjoen yn: | 2010 |
Te keap: | 1 |
Oersetter: | |
Oarspr. Titel: | |
Ynfierdatum: | 2010-02-19 |
Dekor: | ien, seal doarpshûs mei bar |
Omfang: | Jûnfoljend |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 5 |
Tal manlju: | 3 |