It Feest

De foarstelling giet oer in famylje-reuny op de jierdei fan de suksesfolle sakeman Helge. Hy hat famylje en freonen útnûge om dit mei him te fieren. Fanôf it begjin wurdt wol dúdlik dat ûnderlizzende relaasjes hiel gefoelich lizze. Ien fan de dochters hat har sel te koart dien, in heal jier lyn, en stadich mar wis komme we troch de syktocht fan soan Christian achter de tadracht hjirfan. De skynbere pracht fan rykdom en sukses blykt de dekmantel fan broeiende famyljerelaasjes, leagens en bedroch. It feest rint lykwols út ’e hân wannear’t Christian yn in taspraak dramatyske famyljegeheimen oan it ljocht bringt. Festen lit de hipokrisy sjen fan in yn en yn boargerlike famylje, dêr’t ynsest en rasisme de ûderlinge ferhâldingen de boel bedjerre

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): VINTERBERG THOMAS
Titel: It Feest
Skreaun yn:
Utjoen yn: 2019
Te keap: ja
Oersetter: Baukje Stavinga
Oarspr. Titel: Festen
Ynfierdatum: 2019-09-05
Dekor: in grutte yttafel mei stuollen
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 9
Tal manlju: 10