It foarum
Trije gelearden út it rike westen en in swarte Afrikaan út in hongerlân hawwe in yngeand petear oer de ynfloed fan 'e televyzje op 'e minske. De tsjinstelling tusken it rike westen en de tredde wrâld fan Afrika rint yn 'e diskusje nei in hichtepunt en dan docht bliken dat west en súd mekoar net mear begripe. De lieder fan it televyzjepetear konkludearret dat de diskusje mislearre is, mar de Afrikaan tinkt der oars oer: der is net om hinne wynd en alles wat der yn siet is der út kommen. Se geane lykwols as frjemden út elkoar.Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | SEIJEN, Ad van |
Titel: | It foarum |
Skreaun yn: | 198? |
Utjoen yn: | 1987 |
Te keap: | 1 |
Oersetter: | |
Oarspr. Titel: | |
Ynfierdatum: | 1998-06-10 |
Dekor: | |
Omfang: | Ienakter |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 1 |
Tal manlju: | 4 |