It geheim fan Hústernoard
De administrateur seit tsjin de direkteur fan Hústernoard dat it sa net goed komt mei it fabryk. Se komme yn de reade sifers en ha skulden. Professor Witwat moat in nije útfining dwaan. Der komme in pear bûtelânners op besite dy wolle besykje de útfining fan de professor te stellen. De ferslachjower fan Omrop Fryslân komt op de meast ûngelegen mominten. Uteinliks ha de tsiismakkers de útfining fan de professor al brûkt sûnder dat de dirtekteur it wist. Der wurdt in priis mei dizze tsiis wûn, in gouden tsiismes en hûnderttûzen gûne. It fabryk is rêden.Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | POSTMA, Reinder H. |
Titel: | It geheim fan Hústernoard |
Skreaun yn: | 1992 |
Utjoen yn: | 1992 |
Te keap: | 1 |
Oersetter: | |
Oarspr. Titel: | |
Ynfierdatum: | 1999-04-20 |
Dekor: | ien dekor |
Omfang: | Ienakter |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 0 |
Tal manlju: | 0 |