It geheim fan’e âld pleats

Op in âld , ûnbewenne boerspul doocht it net. Nimmen wit oan wa't de pleats ferkocht is en benammen nachts strune der lju om hûs en hear. Dan wurdt der ek mei guod omtôge. It lykje wol grutte oaljefetten. Letter stjerre der in pear skiep yn't lân. De feedokter fynt út, dat de bisten ferjûn binne. It docht bliken, dat de pleats brûkt wurdt troch kriminelen as opslach foar ferbean lânboufergif en dat is yn't wetter telâne kaam. Skoalbern en boeren helpe de plysje om de smjunten yn te rekkenjen.

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): BILDT, Douwe de
Titel: It geheim fan'e âld pleats
Skreaun yn: 1991
Utjoen yn: 1991
Te keap: 1
Oersetter:
Oarspr. Titel:
Ynfierdatum: 1999-04-16
Dekor:
Omfang: Ienakter
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 5
Tal manlju: 13