It grouwe pak

Nei in ferhaal fan Joast Halbertsma. Jonker Liauckama giet op reis en seit tsjin syn persoaniel dat se goed op it hûs passe moatte en gjin frjemden yn 'e hûs helje moatte. Dan komt der in keapman mei in grut pak, dy't op Liauckamastate útrêste wol. De keapman hat moardnersferhalen oer Liauckamastate en it wurdt raar waar.Hy mei lykwols net bliuwe mar syn grou pak mei er stean litte en moarn wer ophelje. Dan sjocht Bauk dat it pak beweecht, Sikke sjit op it pak en út it pak komt in rare gjalp en der rint bloed oer de flier. As se it pak iepen dogge sit der in man(tsje) yn mei wapens en in fluitsje. Se warskôgje de boeren en hâlde de wacht want se tinke dat der rôvers komme sille. It duorret lang en dan blaast er ien op it fluitsje, der komt antwurd en de rôvers tinke dat se komme kinne. Se skrikke bot as der fuortendaliks op harren sketten wurdt en naaie út. As de jonker thúskomt is hy tige bliid dat der sa goed op it spul past is en beleannet syn minsken.

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): POSTMA, Reinder H.
Titel: It grouwe pak
Skreaun yn: 1992
Utjoen yn: 1992
Te keap: 1
Oersetter:
Oarspr. Titel:
Ynfierdatum: 1999-04-20
Dekor: ien dekor
Omfang: Ienakter
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 0
Tal manlju: 0