It grutte ûnthjit
Duotsje Simpel, in kreas frommeske fan 26 jier, hâldt der op in lyts doarpke in winkeltsje yn jern en bân op nei. Har hûs en har hert geane beskûl efter in dûbele rige petunia's, oant op in dei in man rûchwei troch dy blommen hinnewâdet. Fuort dêrnei stiet dy frjemde man by har yn 'e winkel en hy bringt har om sa mar te sizzen it 'boadskip fan har libben'. Nei in yngeand petear seit se him ta, him op in wonderlik oarde moetsje te sillen, om har sadwaande foar altyd te feroarjen, te bekearen ta it libben. Mei dy wissichheid lit se har winkeltsje foar altyd yn 'e steek om ôf te reizgjen nei.... it grutte ûnthjit. Oan te rieden foar selskippen dy't ris wat oars bringe wolle as de bewende komyske ienakters.Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | WILLIAMS, Tennessee |
Titel: | It grutte ûnthjit |
Skreaun yn: | 1941 |
Utjoen yn: | 1978 |
Te keap: | ja |
Oersetter: | Boorsma Sr., F. |
Oarspr. Titel: | The case of the crushed petunias |
Ynfierdatum: | 1998-06-17 |
Dekor: | |
Omfang: | Ienakter |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 2 |
Tal manlju: | 2 |