It hûs mei de roazen
Peter Fijnvandraadt, in man fan 48, wurket hurd en ambisjeus mei syn fennoat Lucien gear om harren bedriuw ta in súkses te meitsjen. Hy komt oarspronklik út Fryslân mar wennet mei syn frou Tilly en syn soan Alex yn Den Haach. Alex is in probleemgefal: ta grutte ergernis fan syn heit ferdomt hy it om op skoalle syn bêst te dwaan. It liket derop dat de arbeidsmoraal fan Peter syn heit, in soasjalistysk ûnderwizer út Jorwert, wol op de soan mar net op de pakesizzer oergien is. Nettsjinsteande it feit dat Alex wakker wiis mei syn pake is. Op it stuit dat dy pake op stjerren leit, is Peter foar syn wurk yn it bûtenlân. As lêste fan syn húshâlding komt hy yn it âlderlik hûs oan, foar de begraffenis. Yn dit 'hûs mei de roazen' (Peter syn heit kweekte foar syn hobby roazen) bliuwt Peter syn mem no allinne achter. De ferwidering tusken heit en soan set troch. Alex giet fan skoalle ôf en ferlit it âlderlik hûs. In jier letter wennet hy mei in famke tegearre en ferwachtet sy in lytsen ien. Syn heit wol er net mear sjen. Dy stoart him ûnderwylst hieltyd fanatiker op syn wurk. Hy seit syn frou ta dat se mei fakânsje nei Grikenlân sille, mar as alles regele is lit er it dochs wer ôfwitte, fanwegen in 'belangrike opdracht'. Sels syn fennoat Lucien fynt syn iver te fier gean as Peter nei in hertoanfal fuort wer oan it wurk wol. Der komt no ek in ferwidering mei syn frou Tilly. Dy kriget in ferhâlding mei in kollega. Nei in twadde hertoanfal wurdt Peter hieltyd mear pleage troch twifel en wroeging. Hy giet op besite by syn soan en syn freondinne, by syn mem yn Jorwert, en beseft dat der yn syn libben wat goed mis is. As hy dan dochs noch frij ûnferwachte ferstjert, is it him net mear slagge om it echt wer goed te meitsjen mei Tilly en Alex. By de berte fan Alex syn soan, hawwe mem en soan der beide fertriet fan dat sy immen, dy't harren nettsjinsteande alles dierber wie, yn mear as ien opsicht ferlern hawwe. KOMMINTAAR: In oangripend, eigentiidsk ferhaal oer in man, dy't mei in soad ynset en goede bedoelingen it meast dierbere ferliest dat er hat. It boeiende oan Peter is, dat it net in 'gewoane' karriêre-makker is, mar dat er dreaun wurdt troch in plichtsbesef, dat er oan syn heit ferskuldige mient te wêzen. De druk dy't dêrfan útgiet is sá grut, dat er de oare kant fan syn heit - de geduldige roazekweker, de man dy't sa rêstich skake koe mei syn pakesizzer - noait ûnderkende. En it liket derop dat krekt dy kant op Alex oergien is. Dêrmei jout it stik ek in byld fan it ferrin fan trije, sels fjouwer generaasjes; in byld mei sawol positive as negative kanten. 'It Hûs mei de Roazen' lit yn treffende, skerpe sênes stikje foar stikje de ûntwikkelingsgong en alle aspekten sjen, dy't úteinlik Peter syn ûndergong ta gefolch hawwe, mar dy't der ek ta liede dat de oare personaazjes foar in oar libben kieze. It bysûndere dêrby binne de suggestive, net-realistyske sênes, wêryn de taskôger suver binnen yn'e holle fan de haadpersoan sjen kin.Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | VEENBAAS, Jabik |
Titel: | It hûs mei de roazen |
Skreaun yn: | 1993 |
Utjoen yn: | 1995 |
Te keap: | 0 |
Oersetter: | |
Oarspr. Titel: | |
Ynfierdatum: | 1996-09-08 |
Dekor: | húskeamer, kantoar, oare húskeamer |
Omfang: | Jûnfoljend |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 4 |
Tal manlju: | 5 |