It kofferke fan Professor Ferstân

Professor Ferstân sil foar de Keninginne in demonstraasje jaan fan syn nijste útfining: de robotmasine. Mei dizze masine kin de professor elk minske feroarje yn in robot en him dwaan litte wat him opdroegen wurdt. In gefaarlike útfining lykwols as er yn ferkearde hannen falt. En dat is no krekt wat al gebeurd. Want ûnderweis yn 'e taksi nei it paleis wurde de professor en syn assistinte Koosje oerfallen troch it boevepear Sytse en Tutteblei. It doch bliken dat sy suverkrekt út 'e finzenis ûntsnapt binne. Se stelle dan net allinne it kofferke mei de robotmasine, mar ek de klean fan de professor en syn assistinte. Op 'e flecht bedarje Sytse en Tutteblei yn it kafee fan Hylke en Gryt Tapper. As letter de professor en Koosje, yn boeveklean, ek it kafee binnenstappe is de konsternaasje grut. Dan blykt it kaptaal fan buorfrou Albegear stellen te wêzen en dat moat moaiwis in gefolch wêze fan it yn wurk setten fan de robotmasine...

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): RILLEMA, J.
Titel: It kofferke fan Professor Ferstân
Skreaun yn: 2002
Utjoen yn: 2003
Te keap: 0
Oersetter: Rillema, J.
Oarspr. Titel: De Robotmachine
Ynfierdatum: 2004-12-30
Dekor:
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 5
Tal manlju: 4