It lintsje

De frou yn dit stikje is, lykas safolle oare froulju, húsfrou. Man en bern geane moarns de doar út en behalve it gewoane húshâldelike wurk, moat de frou foar de iene dit dwaan en foar de oare dat. Op in dei dat der foar de frou wer hiel wat te dwaan is, komt der in amtner fan it Ministearje fan Emansjepaasjesaken dy't har in lintsje opspjeldet út wurdearring foar alles wat sy en alle oare froulju as húsfrou prestearje. As de man en de bern thúskomme, fine se mem yn in djippe sliep. Se wurdt wekker en sil harren it lintsje op 'e skelk sjen litte, mar.... it is der net.

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): SEIJEN, Ad van
Titel: It lintsje
Skreaun yn: 198?
Utjoen yn: 1986
Te keap: 1
Oersetter:
Oarspr. Titel:
Ynfierdatum: 1998-06-10
Dekor:
Omfang: Ienakter
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 2
Tal manlju: 3