It lyk yn `De Cast`

Toanielferiening ‘De Cast’ sil de skriller ‘De moardner is ien fan ús’ op ’e planken bringe. It stik spilet him ôf op in ôfdieling fan de psychiatryske ynstelling ‘Het land van Maas en Waal’ en begjint mei in praatsessy fan in tal minsken dy’t ‘lekker yn ’e war’ binne. Ynearsten binne we tsjûge fan in repetysjejûn fan toanielferiening ‘De Cast’. It is dúdlik dat der noch in soad oefene wurde moat. Dan giet it stik fierder mei de try-out fan de skriller. Yn dizze try-out blykt dat Paul, dy’t de rol fan de bewenner Hank spilet, ynienen fuort is. As even letter it lyk fan Paul fûn wurdt, wurdt it spul fan need stillein. Alhoewol… As Hank wer op it toaniel ferskynt en trochspilet krekt of wie der neat bard, ûntstiet grutte betizing en docht de fraach him foar… wêr hâldt werklikheid op en begjint fiksje? It is fan belang om te neamen, dat it publyk yn in grutte (mooglik dûbele) rûnte om de spilers hinne sit.

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): ROL CORRIE VAN DER
Titel: It lyk yn `De Cast`
Skreaun yn:
Utjoen yn: 2019
Te keap: nee
Oersetter: Tineke Hoekstra
Oarspr. Titel: Het lijk in de cast
Ynfierdatum: 2019-04-27
Dekor: in psychiatrische ynstelling
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 6
Tal manlju: 3