It oansyk

Tsjoeboekov is yn de salon fan syn lânhûs, as Lomov yn sjaket binnenkomt. Al gau docht bliken dat Lomov om de hân freegje wol fan Natalja, de dochter. Dat stiet de heit wol oan. As Natalja komt begjint Lomov in wiidweidich ferhaal en komt by it kowegreidsje út dat fan him is, mar Natalja seit der wis fan te wêzen, dat it fan harren is. De rûzje rint sa heech op dat Lomov de doar wiisd wurdt. As Natalja dan heart wat de reden wie fan syn kommen, wurdt Lomov werom roppen. Dan komt it petear op de hûnen fan beide famyljes. Dizze rûzje rint sa heech op dat it liket as sil Lomov foar de eagen fan Natalja stjerre. Dat falt lykwols wat ta en se falle inoar yn 'e earmen. As de rûzje noch ris op 'e nij ûtbarste sil, ropt de heit gau om sjampagne.

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): TSJECHOV, Anton
Titel: It oansyk
Skreaun yn: 189?
Utjoen yn: 1995
Te keap: 1
Oersetter: Visser-Popma, J.P.
Oarspr. Titel: Het aanzoek
Ynfierdatum: 1998-04-14
Dekor: 1
Omfang: Ienakter
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 1
Tal manlju: 2