It perron

Op it perron fan in middelgrutte stêd hat Eelke in blommekiosk en Arjen in kiosk mei lektuer en snobbersguod. Marie sit dêr tuskenyn as sûkerskjinne toiletjuffer. De manlju kinne net tagelyk troch deselde doar omdat Arjen yn it ferline Eelke in minne streek levere hat. Eelke hat koartlyn syn frou ferlern en hat wer oanhâld fûn by Ria, dêr't er och sa grien mei is. Syn dochter frijt mei Jelmer, de soan fan Arjen, ta grutte argewaaqsje fan de beide heiten. Se besykje de jongelju útinoar te spyljen troch Jenny as 'au pair' nei Ingelân te stjoeren, mar as dy ûnferwachts earder weromkomt begjint it earmelijen op'e nij. Hawar, mei help fan Marie komt alles op syn poatsjes telâne oan 'e ein fan it stik.

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): ANNEMA, Froukje
Titel: It perron
Skreaun yn: 1994
Utjoen yn: 1995
Te keap: 1
Oersetter:
Oarspr. Titel:
Ynfierdatum: 1998-04-19
Dekor: perron
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 4
Tal manlju: 3