It pleintsje
It stik spilet him ôf om karnaval hinne. Op it pleintsje wenje in stik as wat earme froulju, dy't widdo binne en dy't harren bern úthoulikje wolle, om dan sels wer trouwe te kinnen. Under elkoar dogge se oars net as rabje, rûzje meitsje en fjochtsje, mar tsjinoer bûtensteanders gedrage se harren bûtengewoan solidêr. Dat ûnderfine de rike Fabrizio en syn nichtsje dy't op it pleintsje wenje en de Cavaliere dy't der karnaval fiere sil. It hat allegearre in goed ein mei in stik as wat houliken en in feest. In echte yntrige is der net, mear in bûnte en fleurige oanienskeakeling fan raak sketste tafrielenDit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | GOLDONI, Carlo |
Titel: | It pleintsje |
Skreaun yn: | |
Utjoen yn: | 2009 |
Te keap: | 1 |
Oersetter: | Sevenster, Simy |
Oarspr. Titel: | Het pleintje |
Ynfierdatum: | 2009-12-26 |
Dekor: | ien |
Omfang: | Jûnfoljend |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 12 |
Tal manlju: | 6 |