It pompeblêd-net
It stik giet oer de machtstriid tusken trije t.v. netten. Alle trije wolle se hiel graach dat Manina, in soarte fan alternatyve dokter, in rubryk docht op harren net. Elk wolle se dat se it kontrakt tekent om't se it measte te bieden ha. De minsken fan de trije netten, it wite-, it blaue- en it reade net, dogge dit mei in eigen flair en brûke hjoeddeiske útdrukkings: Tsjakkaa!, tiid is jild, Hoppa! Troch dit ferhaaltsje hinne spilet it ûngemak fan Beppe Romkje, beppe is sa ferjitlik de lêste tiid en Manina moat har helpe fine de beppesizzers. It gefjocht om Manina smyt úteinlik foar read, wyt en blau neat op, want se kiest net. Se lit se allegear opdrave want it monopolyspultsje, dêr't Manina, Elke en Jelke sa graach mei spylje is fuort. Alle trije woene se graach " it monopoly" ha. It is werom fûn yn'e reade studio en wat hat dat te betsjutten wolle Manina, Elke en Jelke witte! Manina beslút, dat se mar om har monopoly spylje moatte. Wa't dat wint krijt har rubryk. Beppe wol de "bank" wol wêze. Se wurde sa wurch en kinne de kop dernet mear byhâlde en beslúte lang om let om mar ien net te meitsjen, mei trije kleuren. Elk sjocht dit sitten en de taken en rubriken wurde fuort ferdield. It gehiel wurdt opfleure mei ferskes troch in soarte fan "omropkoar".Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | SCHOTANUS, Jan |
Titel: | It pompeblêd-net |
Skreaun yn: | 1996 |
Utjoen yn: | 1996 |
Te keap: | ja |
Oersetter: | |
Oarspr. Titel: | |
Ynfierdatum: | 1999-04-19 |
Dekor: | 2 dekors |
Omfang: | Net jûnfoljend |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 30 |
Tal manlju: | 30 |