It prieel

De ûntsleine ferpleger út in ûntwenningsynstitút sjantearret, mei help fan inkelde tsjustere figueren, eardere pasjinten. Dat besiket er ek mei Rob Nijman, in skriuwer fan TV-stikken, omdat dy syn frou Nel foar ûntwenning fan drugs opnommen west hat. Rob rekket sa yn 'e knipe, dat er Loman by him thús komme lit om jild op te heljen en him dan deasjit. It lyk bedobbet er op it plak, dêr't de oare deis beton stoart wurde sil foar in prieel. De oare deis heart Rob fan syn buorman, dy't substitút-ofsier fan justysje is, dat Loman yn syn eigen hûs deasketten is. Rob moat dus in oarenien deasketten ha. As Rob allinne thús is, wurdt er oerfallen troch twa hantlangers van Loman. Se bine him fêst en krije op 't lêst yn 'e gaten wêr't it lyk is. Se helje it boppe de ierde en lizze it by de fêstbûne Rob yn 'e keamer. As de dei dêrop de plysje komt en Rob ta in bekentenis bringe wol, sjocht dy tafallich de kûgels dy't er ôfsketten hat yn it kezyn sitten. As de dokter ferklearret dat Loman oan in hertoanfal stoarn is, lykje Rob en Nel út 'e brân te wêzen. Lykwols, der is ien bûten harren, dy't wit hoe't it allegearre om en ta gien is: harren freon Herman, de substitút-ofsier fan justysje...... Mar dy swijt.......

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): COPPEL, Myra en Alec
Titel: It prieel
Skreaun yn: ?
Utjoen yn: 1987
Te keap: 0
Oersetter: Zee, Pyt van der
Oarspr. Titel: ?
Ynfierdatum: 1998-12-04
Dekor: 1
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 3
Tal manlju: 10