It rydbewiis

Karel en Willy harren freondinne Ria moat wer rydeksamen dwaan; se is al in kearmannich sakke en hat eksamenfrees. No hat Willy har tasein dat Karel, de man dy't har it eksamen ôfnimt, faaks wol even skilje wol, want it is in goede freon fan him. Ria komt mei har boadskip en Karel docht tige joviaal, draait, dêr't Ria by is, sabeare it telefoannûmer fan syn freon en hat gâns in petear mei him. Hy jout Ria noch inkele oanwizingen en dan kin dy mar gerêst it eksamen oangean. De deis fan it eksamen hearre se by Karel-en-har earst neat, mar op it lêst komt Ria oansetten. Se hat in papierke krigen, mar kin der gjin wys út wurde en mient dat se wer sakke is. Karel skillet de eksaminator wer op - sabeare - en seit dat it allegearre bot ynoarder is. Ria noeget harren dan út foar in itentsje en as se harren ophellet docht bliken dat de eksaminator ek noege is. It is in jonge man, dy't net ien fan de trije ken. It komt dan út dat dy jongeman in omkesizzer fan de eksaminator is en tagelyk wurdt it Ria dúdlik dat se der tusken nommen is. Dat jout yn earste opslach gâns trelit, mar de jongeman stekt de helpende hân út en sadwaande wurde hy en Ria it samar iens, en sa reitsje dy beide de doar út. Karel en Willy bliuwe efter en hawwe wille as wetter.

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): SPIT, Joop
Titel: It rydbewiis
Skreaun yn: ?
Utjoen yn: 1979
Te keap: 1
Oersetter: Beintema, Tabe
Oarspr. Titel: ?
Ynfierdatum: 1998-06-17
Dekor:
Omfang: Ienakter
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 2
Tal manlju: 2