It sit yn ‘e famylje

Tema: Wêrom in frou om fierrens te sykjen as der tichteby ien te finen is. Frâns Rinkes kin it as skriuwer goed dwaan, mar hy hat syn frou ferlern. Hy hat in studearjende soan fan 20 jier, tewyl't syn mem by him ynwennet. Hja hawwe de romte fan personeel: Jan, de húsfeint, Harmke, de húshâldster, Beitske, in tsjinstfaam en dan noch Lyske, dy't tydlik de ferpleging fan beppe op har nommen hat, neidat dy har skonk brutsen hat. De famylje van Haaften, besteande út man, frou en in dochter-âldfaam, komme gauris by Rinkes-en-har op besite en it is sa klear as in klontsje dat dat foar de âldfaam om Rinkes te rêden is. Elkenien sjocht dat in gat yn 'e kop, mar Frâns liket der blynseach yn te rinnen. Hawar, nei gâans wederwarichheden rekket de relaasje stikken en hat it noch gâns fuotten yn 't gat ear't Frâns en Lyske elkoar fine, tewyl't soan Kees it by einsluten iens wurdt mei Beitske, de faam.

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): HEMMINK-KAMP, J.
Titel: It sit yn 'e famylje
Skreaun yn: ?
Utjoen yn: 1983
Te keap: 1
Oersetter: Knol, J.
Oarspr. Titel: Eigen aard is goud waard
Ynfierdatum: 1999-01-30
Dekor: 1
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 6
Tal manlju: 4