It spoekkastiel

Boeven ha de baronesse en har soan yn'e macht. De baron is lyts man makke troch it sizzen dat, as er net docht wat sy fan him easkje, syn frou en soan it der net libben ôfbringe sille. Mei help fan fakânsjegongers dy't foar spoek spylje en de plysje wurde de boeven by eintsje beslút ûntmaskere. It stik is sa ynelkoar set dat heiten en memmen der niget oan ha sille. Foar bern is it fansels prachtich om as spoek, plysje of deftige baron of baronesse te spyljen.

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): NAUTA, Dooitze
Titel: It spoekkastiel
Skreaun yn: 1997
Utjoen yn: 1997
Te keap: 1
Oersetter:
Oarspr. Titel:
Ynfierdatum: 1999-04-19
Dekor: spoekkastiel
Omfang: Ienakter
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 14
Tal manlju: 6