It spoekslot

De baron is finansjeel oan reapsein en wennet by syn túnman yn (mei dochter, húshâldster en húsfeint). Hy wol syn kastiel winliken net ferkeapje, mar de doarwarder is op kommende wei. Der binne lykwols gadingmakkers, t.w. in saneamde kaperkaptein mei syn boatsman en juffer West. De twa partijen ha in weddenskip rinnen wa 't it kastiel krije sil. De kaperkaptein is in fertolking fan de pake fan de baron, tewyl't juffer West in rike Amerikaanske fan Frysk komôf spilet. De saneamde kaptein hat inkele húsgenoaten yn it komplot behelle en dy moatte krekt dwaan as sjogge se de beide seelju net, om sa te suggerearjen dat it geastferskiningen binne, dy't oars gjin kontakt ha as mei de baron. By eintsjebeslút kriget net ien fan beiden it kastiel, omdat de baron fan it regear safolle subsydzje kriget dat er it opknappe litte kin en dêrmei út 'e brân is.

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): BOSWINO, Koos
Titel: It spoekslot
Skreaun yn: 19??
Utjoen yn: 19??
Te keap: 0
Oersetter: Looper, H.
Oarspr. Titel: Spook voor meneer
Ynfierdatum: 1999-01-30
Dekor:
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 4
Tal manlju: 4