It testamint

Pake sil, neidat se mei-inoar iten ha, útlis jaan oer de feroaringen yn syn testamint. syn bern en bernsbern binne oanwêzich en fansels ek syn nije freondinne! De boekhâlder moast alle besittingen/oandielen op papier sette, hy is fan Pake net gewaar wurden wat hjirfan de bedoeling wie. Ek de broer fan Pake mei syn dochter sil tsjûge wêze fan de útlis fan it testamint. Foardat it safier is geane Pake en syn jonge freondinne tegearre noch efkes nei boppen. En wat dêr bart... Yn 't neifolgjende spul sjogge wy Pake ûnder oan'e trep lizzen. Hy is dea. En wa is de dieder, wat is de oarsaak. Is it fergiftiging? Der binne minsken mislik wurden nei it iten fan de paté. Faaks in hertoanfal? Rûzje mei Trude? Of freget syn jonge freondinne tefolle fan syn âlde lichem? It is ek mooglik dat de freandinne bekend hat dat se net fan him hâldt mar allinne om it jild mei him giet! Hat de boekhâlder faaks yn de boeken knoeit en draait soks op rûzje út? Ien triuwke is faaks genôch; dan is it moard! En wat bart der tusken Pake en pakesizzer, in ûnnoazel fanke, dy't noch och sa boartlik is en graach tikboartsje wol. Is sy de dieder? Wy sjogge koarte sênes weryn alle mooglikheden útspile wurde. In útdaging om te spyljen.

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): NAUTA, Dooitze
Titel: It testamint
Skreaun yn: 1999
Utjoen yn: 2000
Te keap: ja
Oersetter:
Oarspr. Titel:
Ynfierdatum: 2001-04-26
Dekor: ien dekor
Omfang: Ienakter
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 4
Tal manlju: 4