It twadde slachtoffer

As Albert thúskomt fan syn wurk is er suver út'e liken. Syn frou, Els, besiket oan'e weet te kommen wat him sa dwers sit, mar hy docht it ôf mei te sizzen: "Swierrichheden op'e saak." Sy tinkt lykwols dat der mear wêze moat en nei lang oanhâlden fertelt er har dat er in jonge oanriden hat. Om't er in buorrel dronken hie, is er trochriden en hat anonym it sikehûs skille. Underwilens sit Els yn noed oer harren soan dy't net op tiid thús is om te iten. Sy seit dat se him in giel reinjack kocht hat om op'e fyts better op te fallen. Mei 't se dit fertelt sjocht se Albert skrikken en dan heart se dat de oanriden jonge ek in giel reinjack oan hie. As Els de plysje skilje wol, keart Albert dit troch te sizzen, dat hy dan it twadde slachtoffer wurde sil. Els wifket noch efkes, mar set dan ôf nei't sikehûs. As se krekt de doar út is skillet Frank, de soan, dat er in lekke bân hat en net op tiid thús wêze kin.

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): BERNEART, Guy
Titel: It twadde slachtoffer
Skreaun yn: 19??
Utjoen yn: 1990
Te keap: 1
Oersetter: Dijkstra, Gurbe
Oarspr. Titel: Het tweede slachtoffer
Ynfierdatum: 1998-05-23
Dekor: 1
Omfang: Ienakter
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 1
Tal manlju: 1