It Venus mystearje

De stienearme byldhouwer George Arnold is syn rie t'en ein as er net trouwe kin mei syn grutte leafde, Mary Morgan, of hy moast 50.000 dollar op syn rekken ha, in foarwearde dy't de mem fan Mary steld hat, in draak fan in mem. Mem en dochter oerwinterje yn Rome, wêr't George wennet. John Smith studearret rjochtenn en is in freon fan George. Hy hat in te gek plan om de brulloft trochgean te litten. Hy brûkt syn kennis fan de Italiaanske jurisprudinsje, hakket it moarmeren byld Columbia fan George kapot en bedobbet it yn in stik grûn dat er foar de keunstner keapet, dy't neat yn 'e gaten hat. Moannen letter, as de brokstikken opgroeven wurde en byelkoar lein wurde, binne de autoriteiten der wis fan dat der in byld fûn is fan de Romeinske goadinne fan de leafde - Venus. It byld moat ieuwen lyn troch in al lang fergetten byldhouwer makke wêze. Al gau folget der in ynvaazje yn de studio fan George fan alderhanne hannelslju dy 't him graach kredyt ferliene wol en komt der in man fan de regearing mei in fette cheque. Komt de ferrifelderij út? In licht, grappich stik mei folle faasje dat it publyk grif fermeitsje sil.

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): KELLY, Tim
Titel: It Venus mystearje
Skreaun yn:
Utjoen yn: 2005
Te keap: 1
Oersetter: Veen, Klaasje van der -de Boer
Oarspr. Titel: The underground Venus
Ynfierdatum: 2006-01-24
Dekor: ienfâldich dekor
Omfang: Ienakter
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 3
Tal manlju: 6