It winnende lot
Hannes Sylstra is skieden en hat trije bern. Syn wurk is meunsternimmer en syn hobby is skilderjen. De âldste soan, bytsje ûnnoazel, is troud mei Pjirkje, in frou mei de broek oan. De famkes binne sa'n 24 en 18 jier. Se wenje noch thús. Hannes slacht somtiden raar mei it penseel yn'e ferve om, mar syn freondinne Yfkje sjocht der wol handel yn. Sy fersoarget in eksposysje, want sy is fan betinken dat it échte Keunst is. Hannes hat in steatslot kocht en ferstoppe efter it behang. De bern witte dat heit in lot kocht hat, want hy hat it nûmer op'e kalinder skreaun. Dochter Sanne fynt it nûmer en it blykt dat der in priis fan 20 miljoen op fallen is. Elk siket om it lot. Ek Pjirkje en har man, dy't tydlik by heit ynwenje, oan't se wer gas en ljocht ha. Allinne heit wit wêr't it lot is. Dan blykt dat it lot foar it grutste part opfrette is troch de mûzen. Dus net mear jildich, mar it wie wol it winnende lot.Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | HOEKSTRA, Wietse |
Titel: | It winnende lot |
Skreaun yn: | 2001 |
Utjoen yn: | 2001 |
Te keap: | 1 |
Oersetter: | |
Oarspr. Titel: | |
Ynfierdatum: | 2002-05-10 |
Dekor: | ien dekor |
Omfang: | Jûnfoljend |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 4 |
Tal manlju: | 4 |
