Jachtskûtel

Aiko, in ynkassearder by de nutsbedriuwen, is folslein oer syn toeren. Hy tiist mei allerhande maatskiplike problemen om, dy't him fansels earder minder as better meitsje. Dat sil nei't wy oannimme ek wol de reden wêze dat syn frou mei de bern him ferlitten hat. Men moat begripe dat er no, sa't er seit, syn baas dien jûn hat: ûntslach nommen dus. Yn dy situaasje treffe wy him oan yn it stik. Wylst er sneupt yn itjinge syn frou efterlitten hat, wurdt er opskille troch in frou, dy't ferkeard ferbûn blykt te wêzen, mar dêr't er doch in dizenich ferhaal mei hat. Op de iene of oare manier fiele hja mekoar dochs wat oan, want in skoftsje letter komt dyselde frou by him oan 'e doar en spilet it stik him fierder tusken dy twa ôf. Dat syn frou noch noed fan him stiet, mei men ôfliede út it feit dat in goekunde fan har (Sas) him opskillet en besiket gewaar te wurden hoe't it mei him giet. Fierder fernimme wy neat wer fan syn frou. It petear mei dy frjemde frou giet oer allerhande ûnderwerpen, mar it draait der op út dat hja ta de konklúzje komme dat it jild it ivige kwea is.

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): LEISTRA, Libbe
Titel: Jachtskûtel
Skreaun yn: 1985
Utjoen yn: 1986
Te keap: 1
Oersetter:
Oarspr. Titel:
Ynfierdatum: 1998-06-11
Dekor:
Omfang: Ienakter
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 2
Tal manlju: 1