Jaloezyen

Rosa, in aktrise, en Charel, in skriuwer, beiden om en by de 40, binne troud. It houlik is gjin sukses. Rosa is allegeduerigen mei har rollen dwaande en benammen mei wat de resinsinten der fan meitsje. Charel fielt him as skriuwer mislearre en dúdlik de mindere fan Rosa. Hy siket syn treast yn de drank. Ellen, de mem fan Rosa, komt ûnferwachts opdaagjen en seit dat se by de bern yn wol. Se is it allinnewêzen nei it ferstjerren fan har man sêd en it is op't lêst har eigen hûs, dêr't Rosa en Charel yn wenje. It liket Rosa wol op fleanen, se wol mem út noch yn net by har yn'e hûs ha. It kin Charel it measte net skele, mar Rosa batst der fuortdaliks yn, konflikten by't soad dus. Troch in tal monologen wurdt it de skôger dúdlik dat Alfred, de resinsint dy't fan Rosa har spul gjin spaan hiel litten hat, wat langer wat mear in relaasje kriget mei de trije oaren. De relaasjes rinne bytiden sa healwiis trochinoar, dat de stikken der letterlik en figuerlik ôfspatte. En wêr't it by eintsjebeslút op útdraait... wa sil it sizze.

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): HEYDEN, Haye van der
Titel: Jaloezyen
Skreaun yn: ?
Utjoen yn: 1994
Te keap: 1
Oersetter: Dijkstra, Gurbe
Oarspr. Titel: Jaloezieën
Ynfierdatum: 1998-05-23
Dekor: 1
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 2
Tal manlju: 2