Jierdei, feest?

It jierdeifeest fan it jongste soantsje fan Rob en Emma behearsket op'e eftergrûn folslein it hâlden en dragen fan de folwoeksenen op it toaniel, ek al krijie wy gjin bern te sjen. Rob en Emma binnen byinoar wei, mar dêr ha se beide eins gjin frede mei. Har freonen, Peter en Paula, helpe mei om it feestje sa goed mooglik slagje te litten, mar dat falt net ta. Alles wat der mar misrinne kin, rint mis fansels. Abbekaat en húsfreon Tom wurdt noch ynskeakele as gûchelder, mar ek dat is gjin sukses. De ferbining tusken de tsierende bern op it feestje en de tsierende grutte minsken op it toaniel wurdt ûnderholden troch de faam Gretha. Dy hat it der tige bannich mei, mar it slagget har dochs de boel yn'e stokken te hâlden. Ek de relaasjeproblemen fan de grutten komme, sa te sjen, ta in útdroegene saak.

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): WATERHOUSE, Keith en Willis Hall
Titel: Jierdei, feest?
Skreaun yn: ?
Utjoen yn: 1990
Te keap: 1
Oersetter: Hoekstra, Gerrit
Oarspr. Titel: Birthday-party
Ynfierdatum: 1998-05-29
Dekor:
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 4
Tal manlju: 3