Jierdei
Jacobus is troch syn frou ferlitten. syn eks-skoanfamylje komt him lokwinskjen en wol him wat opfleurje en dogge oft der neat te rêden is. Mar Jacobus is fan 't hynder, hy hat syn gedachten net by de gasten. De gasten krije ûnder elkoar ek noch spul en fine gemiene dingen út. In tillefoangesprek wurdt yn'e keamer ôfharke en om't Jacobus oantroud is, wolle sy de moaie kast ha, dy't yn de keamer stiet. De earste jierdei wer allinne, besite krije fan de eks-skoanfamylje. Fine jo dat wol sa aardich? Elk docht syn bêst der in gesellige jierdei fan te meitsjen, mar slagget dat ek? De situaasje kin dan wolris út'e hân rinne.Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | OLDENHOF, Bouke |
Titel: | Jierdei |
Skreaun yn: | 1999 |
Utjoen yn: | 2000 |
Te keap: | 1 |
Oersetter: | |
Oarspr. Titel: | |
Ynfierdatum: | 2001-04-26 |
Dekor: | ien dekor |
Omfang: | Jûnfoljend |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 3 |
Tal manlju: | 3 |